Undersyk XTC De Fochtel klear

© Omrop Fryslân
It grutte XTC-laboratoarium yn De Fochtel dat yn april ûntmantele is troch de plysje, wie ûnderdiel fan in grut ynternasjonaal netwurk fan drugshannelers.
Dat is bekend wurden mei de oanhâlding fan mei-elkoar 41 fertochten troch de Amsterdamske resjerzje. It ûndersyk nei it netwurk hat goed in jier duorre. Haadfertochte is in man út Hilversum.