Keunstmoanne op It Amelân

© Omrop Fryslân
De Dútse ambassadeur iepenet op sneon 2 novimber de Keunstmoanne op It Amelân. Tema is it ferskil tusken de drokte fan de simmer en de rêst fan de winter. De keunstwurken binne dêrop ynspirearre.
De fyftich dielnimmende keunstners komme út Fryslân, Grinslân, Bremen, Oldenburg en Ostfriesland wei. Rûnom op it eilân binne yn dy moanne eksposysjes fan harren wurk te sjen.