Militêren fleanbasis by útfeart

© Omrop Fryslân
Goed 400 militêren fan de fleanbasis yn Ljouwert binne no tiisdei ûnderdiel fan de eare-ôfsetting by de útfeart fan Prins Claus. Sy steane dan oan beide kanten fan de rûte tusken Paleis Noordeinde yn Den Haach en de Nieuwe Kerk yn Delft.
Mei inoar wurde der tiisdei 9000 militêren ynset. Op de fleanbasis waard freed in grutte oefening hâlden.