Protokol by bernemishanneling

© Omrop Fryslân
Der is in protokol opsteld foar ûnder- wizers yn it basisûnderwiis dy't fermoedens hawwe fan bernemishanneling. It protokol moat in hâldfêst biede foar de belutsenen. De GGD en it AMK, it meldpunt foar bernemishanneling, hawwe it protokol woansdei presintearre.
It tal meldings fan bernemishannelings is yn Fryslân drastysk tanommen. It tal fan ferline jier is dit jier al helle.