Kompjûter foar minima?

© Omrop Fryslân
Minsken yn Ljouwert mei in minimum ynkommen krije mooglik in kompjûter yn brûklien. In wurkgroep dêr't hast alle partijen fan de gemeente Ljouwert yn fertsjintwurdige binne, sil dat ûndersykje.
Doel is dat de minsken mear belutsen reitsje by de maatskippij. It idee foar de kompjûter komt fan it Platfoarm Een- en Tweepersoonshuishoudens.