Oranjefan yn Heech kin wol gûle

© Omrop Fryslân
Frou Van der Heide yn Heech is der finaal ôf troch de dea fan Prins Claus. De 82-jierrige is Keningshûsfan fan 'e earste oere. Op 'e souder fan har wente hat se in útstalling ynrjochte fan har grutte Oranje-kolleksje.
De útstalling stiet faai, want de frou moat nei alle gedachten ferhúzje nei in âldereintehûs. Doarpsbelang besiket de eksposysje te behâlden.