Lêste konsert De Kast yn ArenA

© Omrop Fryslân
Op sneon 21 desimber jout De Kast it alderlêste konsert yn de Amsterdam ArenA. Nei dat konsert nimt de band in jier rêst. Yn it Fryske popsirkwy wurdt al grute dat De Kast definityf opdoekt wurdt, mar it management wol dat net befestigje. Offisjeel hjit it dat de bandleden yn 2003 'in beslút nimme'.
Yn Fryslân is De Kast noch te sjen op de Fryske Stjerrejûnen yn Thialf.