Mear fleane fan fleanbasis ôf

© Omrop Fryslân
Fan fleanbasis Ljouwert ôf wurdt de kommende twa wiken mear flein. De fleanbasis makket ûnderdiel út fan de jierlikse oefening Frisian Flag fan de Keninklike Loftmacht.
Ut binnen- en bûtenlân wei dogge goed 35 fleantugen mei. Se fleane foaral boppe de Noardsee. Om de lûdsoerlêst te fersprieden wurdt ek de fleanbasis yn Twinte brûkt foar de oefeningen.