Skâns de Gordyk moat bekender

© Omrop Fryslân
In part fan de âlde ferdigeningsskâns fan de Gordyk is opnij sichtber makke. Ek is der in kuierrûte by del lein. De saneamde Skânsrûte is keppele oan in eksposysje dy't woansdei iepene waard yn it streekmuseum fan Opsterlân.
It doel is dat de skâns bekender wurdt by in breder publyk. Dêrom is der ek in boekje útbrocht fan skriuwer Klaas Sikkema.