Ryk helpt Ljouwert by wentebou

© Omrop Fryslân
Ljouwert wurdt troch it Ryk holpen by it ûntwikkeljen fan nijbouplannen. De oerheid fynt dat der te min nije huzen bykomme. Dêrom begeliedt it ministearje gemeente-amtners by bouplannen. Der binne saneamde 'oanjei-teams' ynsteld dy't bemiddelje tusken gemeenten en boubedriuwen.
It doel is om de nije wenwyk Suderbuorren foller te krijen.