Wetterskea boeren fêststeld

© Omrop Fryslân
Fryske bouboeren ha mei-inoar yn augustus 2,4 miljoen euro skea hân troch it minne waar. Dat hat de noardlike lân- en túnbouorganisaasje bekendmakke.
Benammen de risping fan broccoli, iisberchsla en setjirpels is mislearre. Yn Fryslân is de skea grutter as yn oare noardlike provinsjes. Sa'n 240 boeren ha in skeaformulier ynlevere.