Aris ferliest kânsleas fan MSV

© Omrop Fryslân
Yn de promoasjedivyzje ferlearen de Ljouwerter basketballers fan Aris mei 66-96 fan MSV. It team út Noardwyk wie fierstente sterk. Aris spile sneon in sloppe wedstriid.
Nei trije wedstriden stiet Aris op twa punten. Jaap den Dulk hie gjin gelok. Hy ferstûkte in dei foar it duel syn ankel en is op syn minst twa wiken útskeakele.