Ljouwert leit Taptoe droech

© Omrop Fryslân
De Taptoe Ljouwert is teloarsteld yn 'e gemeente Ljouwert. Dy wol de drankjes foar muzikanten en frijwilligers net mear betelje. Dat wie oars jierrenlang wol de gewoante.
Taptoebestjoerslid Camp tinkt dat it te krijen hat mei besunigings. De gemeente wol no ien kear yn 'e fiif jier de konsumpsjes fergoedzje. De Taptoe Ljouwert wurdt hâlden op 5 oktober.