Sike frou fan himp bestellen

© Omrop Fryslân
In MS-pasjinte yn Burgum is fan har pinebestridingsmiddel bestellen. De frou ferbout himp yn 'e tún en brûkt it guod tsjin de pine en de spasmen. Dit wykein binne de wytplanten lykwols stellen.
De frou docht in berop op de dieven om de planten werom te bringen. Se hawwe der nei alle gedachten gjin aan fan dat de planten as medisyn tsjinje.