Hynstesikehûs yn Aldeholtpea

© Omrop Fryslân
Yn Aldeholtpea is freed in hynsteklinyk iepene. Dy is ûntstien út in fúzje fan twa bistedokterskliniken yn Wolvegea en Aldeholtpea. De fjouwer feedokters behannelje njonken hynders ek pony's.
Spesjalisaasje wurdt hieltyd wichtiger yn 'e bistesoarch, sadwaande de kar foar inkeld hynders en pony's. Is it de twadde dierenklinyk yn Nederlân dy't op dizze wize opset is.