Twangsom giet nei fûgelûndersyk

© Omrop Fryslân
De Fryske Miljeufederaasje sjocht ôf fan it opeaskjen fan de twangsom tsjin rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam. Yn ruil dêrfoar jout eksploitant Van Booma 4000 euro oan de gearwurkjende organisaasjes foar fûgelûndersyk Sovon.
De oanlieding foar it konflikt wie it roaien fan beammen yn it briedsseizoen. De rjochter lei in ferbod op, mar Van Booma gong der dochs mei troch.