Mear oanmeldings Fryske pabo's

© Omrop Fryslân
De Fryske Pabo's hawwe dit stúdzjejier folle mear oanmeldings as ferline jier. De NHL yn Ljouwert hat sels 25 persint mear oanmeldings foar de learare- oplieding foar it basisûnderwiis.
De taname is opfallend. Oer it algemien rinne de oanmeldings foar de Pabo werom. It groeiend tal studinten hat ek in neidiel: it is dreger om staazjeplakken yn it ûnderwiis te finen.