Three-ality wint Songfestival
De Fryske groep Three-ality hat sneon de earste priis wûn op it Streek Songfestival yn Hengelo. De groep einige mei 82 punten boppe Het gebaar út Noard-Brabân, dy't 76 punten helle.
Three-ality wûn earder dit jier noch as Flat Out it Fryske songfestival Liet. Three-ality wûn yn Hengelo mei it liet Fûgelfrij, in tekst fan Ekie Hoeksma op muzyk fan Rody Matthijs.