Skûtelstasjon Boerum wreidet út

© Omrop Fryslân
It grûnstasjon yn Boerum wurdt foar 5 miljoen euro útwreide mei twa skûtels fan 16 meter. De opdrachtjouwer wol ûnbekend bliuwe. Dúdlik is wol dat it om in djoer ynternasjonaal projekt giet.
Troch de útwreiding kinne tsien oant fyftjin minsken ekstra oan de slach. It stasjon siket sa folle mooglik minsken yn de regio. De nijbou moat 15 oktober oplevere wurde.