Weening fjirde yn berchetappe

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema waard tiisdei fjirde yn 'e earste berchetappe fan 'e Tour de l'Avenir yn Frankryk. Yn 'e etappe oer 148 kilometer moast Weening 1 menút 16 tajaan op de Frânsman Philippe Koehler.
Yn it algemien klassemint makke Weening in geweldige sprong; fan it 63ste nei it 29ste plak. Hy stiet no op 1 menút 39 fan 'e giele trui.