Tsjerken wolle rol yn rampeplan

© Omrop Fryslân
De tsjerken yn Ferwerderadiel wolle in wichtigere rol spylje yn it gemeentlike rampeplan. Dat seit dûmny Doorns fan de gereformearde gemeenten yn Ferwerderadiel.
Se dogge dit mei de oanfal op de Twin Towers yn New York en de nasjonale rampen yn Enschede en Volendam yn 'e achterholle. Ek by in eventuele tongblierkrisis wolle de tsjerken helpe.