Provinsje: 3 miljoen euro minder

© Omrop Fryslân
Fryslân kriget fan it Ryk 3 miljoen euro minder, sa is de ferwachting. Oare wike wurdt op Prinskesdei de nije begrutting bekendmakke. Op de lange duer ferwachtet de provinsje sels in besuniging fan 6 miljoen euro.
Deputearre Jansen is lilk om't it Ryk soks sûnder oerlis mei de provinsjes docht. Ek de gemeenten sille flink de broekriem oanlûke moatte, seit Jansen.