Minder asylsikers: minder ISK

© Omrop Fryslân
It tal learlingen op skoallen foar asylsikers nimt drastysk ôf troch it strangere asylbelied. Der komme yn 2002 10.000 flechtlingen minder. Gefolch is dat leararen fan saneamde ISK-klassen op syk moatte nei in oare baan.
By de ISK-skoalle yn Drachten hawwe fjirtjin dosinten dien krigen. Ek by skoallemienskip Piter Jelles komt de wurkgelegenheid yn gefaar.