Mear pleechâlden nedich

© Omrop Fryslân
Ek yn Fryslân is moandei de lanlike kampanje Ouders voor Even út ein set. Doel fan de kampanje is om pleechfamyljes te winnen. Dêrta wurde spesjale ambassadeurs ynskeakele.
Ek yn Fryslân is grut ferlet fan pleechâlden foar bern. Neffens Jeugdzorg Fryslân binne der hûndert ekstra famyljes nedich. De kampanje duorret twa jier.