Protest fan WIW'ers

© Omrop Fryslân
Hûnderten Friezen mei in WIW- of Melkertbaan ha moandei nei Grins ta west foar in protestbyienkomst. De FNV hie it protest organisearre, om't it regear 90.000 subsidiearre banen skrasse wol. Yn Noard-Nederlân soene 13.000 banen ferdwine moatte.
Gemeenten moatte tenei de subsydzje fan de banen oernimme. En dat betsjut dat in soad fan de banen ôfskaft wurde.