Kondukteur wol anonym bliuwe

© Omrop Fryslân
Kondukteurs fan NoordNed neame inoar yn de trein net mear by de namme as se te krijen hawwe mei agressive reizgers. It risiko om dêrnei bûten wurktiid bedrige te wurden soe te grut wêze.
Ferfiersmaatskippijen lykas NoordNed, mar ek de Nederlânske Spoarwegen, hawwe de lêste tiid mear as oars te lijen fan brutale reizgers. Bedrigings thús binne by Noordned noch net foarkommen.