Spilers fleane arbiter oan

© Omrop Fryslân
De fuotbalwedstriid LSC - Sint Anne is snein stillein troch de skiedsrjochter. Sawat 25 minuten foar de ein by in stân fan 0-0 waarden de Sint Annabuersters kûgelsk. Mei trije reade kaarten fielden se har ûnterjochte behannele.
De spilers fleagen op de skiedsrjochter ôf en lutsen syn shirt stikken. As de wedstriid op in oare dei útspile wurdt, begjint dy mei in penalty fan LSC.