NK jeugdfiskjen yn Gersleat

It nasjonaal kampioenskip jeugdfiskjen waard sneon hâlden yn Gersleat. It wie foar de earste kear dat it kampioenskip yn Fryslân hâlden waard. De Federaasje Fryske Angelsport bestiet 50 jier en mocht dêrom it NK organisearje.
Der wiene goed 200 dielnimmers en in pear 100 taskôgers. Der waard yn twa kategorieën fiske: fan 10 oant 13 jier en fan 14 oant 19 jier.