100 jier PB Langsweagen

Langsweagen en Lúkswâld steane de kommende dagen yn it teken fan it 100-jierrich bestean fan Pleatslik Belang. 'In freon yn need, in wiere freon' wie 100 jier ferlyn it biedwurd fan PB Langsweagen/Lúkswâld.
Need wie der yn 1900 genôch. Dochs hat PB ek yn 2002 noch wol wis in funksje, sa sizze de boargers. Yn de tsjerke fan Langsweagen is no in eksposysje oer PB.