Nije koeke moat klanten lûke

In nije Fryske koeke mei sinesappel en anys moat de konsumint wer nei de waarme bakker lûke. Selsstannige bakkers ha it dreech om de holle boppe wetter te hâlden. Klanten keapje hieltyd faker bôle by de supermerk.
Mei de sûkeladecake hoopje de bakkers de klanten nei de bakker te krijen. De cake is yn jannewaris te keap. In part fan de opbringst is foar in goed doel.