'Maten' socht foar probleemjeugd

© Omrop Fryslân
By it nije projekt 'Support Fryslân' wurde frijwilligers ynset om probleem- jongerein op it rjochte paad te hâlden. It projekt is in inisjatyf fan de plysje Fryslân, de stifting Humanitas en noch in tal organisaasjes.
Op it stuit binne se noch op syk nei frijwilligers dy't maat wurde wolle fan jongerein tusken de 12 en 20 jier. De frijwilligers krije begelieding.