Harns: 'Amtner is ûnskuldich'

De amtner fan de gemeente Harns, dy't ôfrûne moandei neamd waard by de boufraude-enkête, is ûnskuldich. Dat seit it kolleezje fan B&W fan Harns.
De gemeente hat ûndersyk dien nei de man. De amtner soe yn '99 op kosten fan boubedriuw Ballast Nedam in reiske nei Suriname makke ha. Neffens de gemeente hat de man it reiske sels betelle en yn syn frije tiid makke.