Net op tiid mei stúdzje begjinne

Pas yn febrewaris kin in part fan de bûtenlânske studinten yn Ljouwert oan de stúdzje oan de CHN begjinne. Dat hat te krijen mei it strangere belied wat talitten oangiet.
Studinten moatte oantoane dat se genôch jild op de bank ha. Dat jout mear wurk en dat kostet tiid. It soe neffens in wurdfierder fan de hegeskoalle om 60 oant 100 'lette' studinten gean.