Jong Hearrenfean - Cambuur: 2-0

Yn de Amstelcup foar beloftes wûn Jong Hearrenfean moandei op sportpark Skoatterwâld de derby tsjin Jong Cambuur mei 2-0. Middenfjilder Jos Hooiveld en oanfaller René van der Wey makken de goals. Troch de winst is Jong Hearrenfean sa goed as pleatst foar de twadde ronde.
Jong Cambuur kaam net fierder as ien kâns yn 'e twadde helte.