Earste dokterswacht yn Dokkum

De gemeente Dongeradiel hie moandei de Fryske primeur fan de dokterswacht. Dat is in sintrale fan húsartsen foar de jûns- en wykeintsjinsten.
De dokterswacht is net ûnomstriden. Pasjinten soene de kâns rinne langer op help wachtsje te moatten. Mar sûnder dokterwacht liket sûnenssoarch op it plattelân ûnmooglik. Ek yn Drachten en Hearenfean moatte doktersposten komme.