Dokkum hat nocht fan rellen

Der moatte maatregels komme tsjin de jongerein dy't wykeins it sintrum fan Dokkum ûnfeilich meitsje. De gemeente Dongeradiel en de plysje sille har dêr tiisdei oer beriede.
Sneontenacht wie it wer raak yn Dokkum. By de Ealsumerpoarte bemuoiden tachtich man har mei in arrestaasje. De saak rûn út de hân en der moasten tweintich plysjes oan te pas komme.