Jacht op yllegale bouwurken

Boarnsterhim hat oer it lêste jier in sechstich yllegale bouwurken opspoard. De gemeente hat it lêste jier ekstra omtinken jûn oan sokke bousels. Lange tiid wie dêr net folle oandacht foar.
De hurde oanpak hat ek fan gefolgen dat mear bou-oanfragen yntsjinne wurde. Guonts besykje no dochs noch in fergunning foar harren bouwurk te krijen.