Seldsume dolfyn op Skier

De dolfyn dy't sneon op Skiermûntseach oanspield is, wie in seldsume spitssnút dolfyn. It bist fan goed trije meter swimt gewoanwei op iepen see. Yn goed hûndert jier tiid binne 23 sokke dolfinen op de kusten fan Nederlân oanspield.
Foar't de dokter fan it Dolfinarium by it bist kaam, wie er stoarn. Seksje moat de deadsoarsaak dúdlik meitsje.