Plysje siket in bestjoerder

© Omrop Fryslân
De plysje wol yn kontakt komme mei de bestjoerder fan in blauwe VW Golf. Hy ried sneon neist in oare auto op de Dammeleane yn Ljouwert. De sjauffeurs praten mei elkoar. De VW-bestjoerder sei dat er fan de dyk treaun waard.
De plysje koe de oare automobilist letter oanhâlde. De man hie dronken en die ferfelend. Hy misledige en skopte de plysje. Hy is nei it buro brocht.