Militêren rûch mei materiaal

© Omrop Fryslân
De meiwurkers fan 'e fleanbasis yn Ljouwert geane net goed om it kostbere ark, dêr't se mei wurkje. Dat skriuwt basiskommandant Mulder yn it personielsblêd. Mulder oerwaget maatregels tsjin meiwurkers dy't har skuldich meitsje oan 'moedwillige vernieling of grove nalatigheid'.
Mooglik moatte meiwurkers dy't de boel fersloere litte de skea sels betelje.