Nije Hielke en Sietse berne

Mei alle omtinken foar de Kameleon koe it ek hast net útbliuwe. Yn sikehûs De Tsjongerskâns op it Hearrenfean is freed de twilling Hielke en Sietse berne. Hielke en Sietse wiene de earste nammen dy't by heit Kobus en mem Fetsje Jonker fan Jobbegea opkamen.
Se waarden yn it sikehûs lokwinske troch Jan Stedehouder en 'Gerben Zonderland' fan it Kameleondoarp.