Fryxos op buertfeest Bilgaard

© Omrop Fryslân
Dit wykein wurdt yn de Ljouwerter wyk Bilgaard it jierlikse wykfeest hâlden. De Fryske keunstnersgroep Fryxos docht ek oan it feest mei. Freedtejûn sette in tal keunstners út ein mei it beamen fan films op gebouwen yn de wyk.
Pierre Mansire sil in gebou ynpakke, lykas de Frânske keunstner Christo yn it ferline ek wol die yn Frankryk. Sneontemiddei is der iepen poadium.