Alderein it Wâld de loft yn

Bewenners fan serviceflat Oranjewoud op It Hearrenfean koene woansdei mei in helikopter de loft yn. In soad bewenners makken gebrûk fan 'e kâns om it eagen gea út 'e loft wei te besjen. De âldste loftreizger wie 98 jier.
De serviceflat fierde sa it 35-jierrich jubileum. Boppe de yngong fan it gebou waard de spreuk Senioris Prioris ûntbleate: de âlderein giet foar.