Sweedske wetterkrêftenerzjy

Tsientallen Fryske bedriuwen draaie tsjintwurdich op Sweedske wetterkrêft- enerzjy. De stroom wurdt levere troch it relatyf ûnbekende bedriuw Comfortrend op De Gordyk.
Dat is in gearwurkingsferbân fan middelgrutte ynstallateurs troch hiel Nederlân. It hat njoggen leden yn Fryslân. Dy ferkeapje de enerzjy oan lytse en middelgrutte bedriuwen.