Botsing mei slachboom brêge

In frou (54) út Boalsert ried moandei tsjin de slachbomen fan in brêge by Deinum oan. Se seach te let dat de bomen omdel giene, ried ûnder de earste troch en joech fol gas om't se tocht dat de brêge omheech komme soe.
By it ûntwiken fan de oare slachboom rekke se fan 'e wei en botste se op in wachtsjende tsjinlizzer. Beide bestjoerders mankearden neat.