Massa-ûntslach banepoolers

De fakbûnen hawwe aksjes oankundige tsjin it driigjend ûntslach fan 1700 banepoolers yn Fryslân. It nije regear wol de subsydzje op dizze banen ôfskaffe. It giet om Melkert-, JWG-, ID-en WIW-banen. Op 9 septimber is yn Grins in aksjedei.
De banen wiene ynearsten bedoeld as opstartmooglikheid foar minsken dy't lang sûnder wurk sitte.