Keunst fuort út âlde stedhûs

© Omrop Fryslân
Alle skilderijen út it âlde stedhûs fan Ljouwert wurdt moandei fuorthelle. It stedhûs wurdt op it stuit ferboud. Dy situaasje wurdt no brûkt om ek it keunstbesit oan te pakken.
Tsientallen wurken, lykas de sân grutte skilderijen fan de Nederlânske keningen en keninginnen, sille yn Amsterdam restaurearre en renovearre wurde.