Foarstel foar hege wynmûnen

In pear wynturbine-eigners yn Wûnseradiel wolle fjouwer wynmûnen pleatse fan 78 meter heech. Dy soenen by Koarnwert komme moatte. De fjouwer turbines moatte tolve oare yn de gemeente ferfange.
De gemeente Wûnseradiel stipet it plan. Dochs is de komst fan de turbines noch net wis, om't se folle heger binne as de 40 meter dy't de provinsje tastiet.