Hege Bulten wurde toeristysker

It natuergebiet De Hege Bulten tusken Droegeham en Koatstertille kriget in mear toeristyske funksje. Alteast, dat wolle B&W fan Achtkarspelen. It terrein, in âld baggerdepot, soe mei de oanlis fan kuierpaden en bankjes geskikt makke wurde moatte foar dei- rekreaasje.
Eigner Steatsboskbehear woe der earst net oan, mar liket no dochs posityf.