Rekord sparjild Friesland Bank

De Friesland Bank hat foar de earste helte fan dit jier in rekord oan sparjild binnenkrigen. Yn de healjier- sifers is in ferheging fan 80 miljoen euro te sjen. De bank neamt it sels de meast súksesfolle sparperioade yn de skiednis fan de bank (no hast 90 jier).
Wurdfierder Nooteboom ferklearret it hege sparbedrach trochdat minsken thús rekken hâlde mei de minne ekonomy.